Noorderlicht oer Súd-Amearika
De grutte fotomanifestaasje Noorderlicht hat fan't hjerst Midden- en Súd-Amearika as tema. Op de útstalling yn Frysk Museum en Prinsessehof sil ûnder oaren wurk út Argentinië en it Karibysk gebiet te sjen wêze. Ynteressearre fotografen kinne ek noch wurk ynstjoere.
Noorderlicht is de grutste fotomanifestaasje fan it noarden, dy't om bar yn Ljouwert en Grins hâlden wurdt.