Knoeid mei slyk Drachtster Feart

© Omrop Fryslân
De Fryske Miljeufederaasje hat oanjefte dien by de miljeuplysje oer slyk út 'e Drachtster Feart. Slibmeunsters binne mei inoar fermingd en dêrtroch is it slib oanmerkt as matich ferûntreinige.
Neffens de Miljeufederaasje is der yn wurklikheid sprake fan slimme ferûntreiniging. Dit jildt foar 60% fan de feart. It sanearjen wurdt sa goedkeaper mar it giet ten koste fan it miljeu.