Wynmûnen komme mooglik net

© Omrop Fryslân
Der komt nei alle gedachten dochs gjin wynmûnepark by Wytgaard. In mearderheid fan de Ljouwerter gemeenteried is der op tsjin, sa die bliken yn de riedskommisje. De hege mûnen soenen it lanlik gebiet te bot oantaaste.
Fjouwer jier lyn like it derop dat de tsien mûnen der al komme soenen. Omwenjenden fersetten har der altyd tsjin. Meikoarten folget in definityf beslút.