Gjin GIBO-nijbou op De Jouwer

© Omrop Fryslân
Akkountantsbedriuw de Gibo-groep mei fan de provinsje gjin nij kantoar bouwe op De Jouwer. It pân foar 60 wurknimmers soe te grut wêze foar it doarp. De Gibogroep hat trije festigings (ek op De Lemmer en It Hearrenfean) dat yn ien gebou komme moat.
It bouterrein is der al en der is ek al in ton yn plannen ynvestearre. De provinsje wol nijbou op It Hearrenfean ha.