Advyskommisjes prizen bekend

23 jan 2002 - 00:00

De leden fan de advyskommisjes foar de twa provinsjale literêre prizen binne bekend. Foar de Obe Postma-priis (oersetting út Frysk yn oare taal) binne dat Aly Boersma-van der Mark, Ernst Bruinsma en Tsjerk Veenstra.

Foar de Fedde Schurerpriis (foar debutanten) binne dat Mirjam Vellinga, Durk van der Ploeg en Yme Kuiper. De prizen, 2000 euro, wurde trijejierliks útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)