Ein EHBO-Ljouwert driget
De EHBO-feriening yn Ljouwert hâldt op fan bestean as der net gau nije leden foar it bestjoer fûn wurde. Foarsitter Ligtenberg docht meikoarten in lêste oprop by de leden. As der wer gjin ien reagearret, betsjut dat de ein fan de feriening.
Gefolch is dat de leden tenei folle djoerdere kursussen folgje moatte by kommersjele ynstellings.