Flevolânsk wetterskip oanpakke

23 jan 2002 - 00:00

De gemeente Lemsterlân moat aksje ûndernimme tsjin it Flevolânske wetterskip Zuiderzeeland. Dat fynt de NCPN yn de gemeente. De Lemsterfeart en it bûtendyks gebiet falle ûnder Zuiderzeeland, en dy freget folle hegere lêsten as de Fryske wetterskippen.

De NCPN fynt it benammen ûnakseptabel dat Zuiderzeeland it dreech makket om kwytskelding te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)