Takomst Wâldwei bliuwt ûnwis

© Omrop Fryslân
De ferdûbeling fan de Wâldwei is net yn 2005 klear. Rykswettersteat hat dy tasizzing moandei ynlutsen. Oer in eventuele nije datum, lykas 2007, wol de direkteur ek gjin útspraak dwaan.
It útstel komt troch de nije wize fan oanbesteging, dêr't it bedriuwslibben ek yn meispilet. Smellingerlân giet net akkoart. Earder stuts de gemeente al in miljoen gûne yn de ferdûbelingsplannen.