'Van Maaren koe Nuon net keare'

© Omrop Fryslân
Ald-boargemaster Van Maaren fan Ljouwert hie de ferhuzing fan Nuon net foarkomme kind. Dat blykt út juridysk advys dat de gemeente Ljouwert frege hat.
De gemeenterie wie ein 2001 jier poer dat Van Maaren de ferhuzing fan it haadkantoar fan Nuon net opkeard hie. Neffens adviseur Klostermann hie it tsjinhâlden dêrfan "net kânsleas, mar seker net ienfâldich" west.