Luzen: mar 2 bern op skoalle
Alden fan learlingen fan basisskoalle De Westhoek op It Bilt hâlde de bern massaal thús. Reden is in luzepleach dy't hieltyd weromkomt. Der bliuwe twa bern op 'e hiele skoalle oer.
It probleem soe by de âlden fan dy twa bern lizze, want dy soene net genôch dwaan om de luzen fuort te krijen. De oare âlden wolle dat bern mei luzen tenei wegere wurde op skoalle.