Deade by brân yn Hurdegaryp
By in útslaande brân yn in hûs oan de Gaelekamp yn Hurdegaryp is sneintenacht in 30-jierrige man om it libben kaam. Nei alle gedachten giet it om de bewenner fan it hûs.
De brânwacht hat it fjoer útmakke en fûn dêrnei it stoflik omskot fan it slachtoffer. It is noch ûndúdlik wat de oarsaak fan de brân is. It hiele hûs is útbaarnd.