Máxima bepaalt troujurkmoade?

© Omrop Fryslân
As Máxima in frij bleate troujurk oan hat, kin dat wolris de nije moade wurde, sa ferwachtsje breidssaken. Neffens de etikette moat de jurk 'bedekt' wêze, mar it is de fraach oft Máxima har dêr folslein oan hâldt.
Fierders rint it net stoarm mei de ferkeap fan Makkumer ierdewurk mei de ôfbylding fan it prinslik pear. Oant no ta binne inkelde tsientallen ferkocht.