Limburchs skoalboek op fersyk

20 jan 2002 - 00:00

Skoallen yn Limburch dy't omtinken oan de eigen taal jaan wolle kinne in boek bestelle yn de taal fan 'e eigen streek. Bern út Kerkrade krije sadwaande in hiel oer boek as bern út Venlo. It Lim-burchs hat gjin standert en ek gjin standertstavering.

It boek hjit 'Limburgs is os leef' en is twatalich mei teksten yn it Nederlânsk en yn it 'Limburchs fan 'e streek'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)