Oanhâldings fanwege mislediging

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn betiid trije manlju oanhâlden fanwege it misledigjen fan in amtner yn funksje. Dit barde ien kear op It Hearrenfean en twa kear yn Ljouwert. In Ljouwerter(29) stie om 6 oere mei in tegel by de yngong fan in supermerk. Op in fraach fan 'e plysje wat er fan doel wie begûn er te skellen.
Yn alle gefallen binne de skellers meinommen nei it plysjeburo.