PR Postma op 1000 meter

20 jan 2002 - 00:00

Ids Postma ried snein yn Hamar op de WK sprint in persoanlik rekord op 'e 1000 meter: 1.10'63" De tiid wie goed foar in 12de plak en dat is dochs wat meager foar de Olympysk Kampioen fan Nagano. Yn it einklassemint waard Postma 18de.

De Kanadees Jeremy Wotherspoon waard mei grut machtsfertoan wrâldkampioen. Gerard van Velde helle it poadium krekt net; hy waard fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)