Froulju op list ChristenUnie

20 jan 2002 - 00:00

De ôfdielings Snits en Wymbritseradiel fan 'e ChristenUnie hawwe in soad froulju op 'e list foar de gemeenteried. Yn Snits stiet Geartsje Horjus op in twadde plak, yn Wymbrits stiet Sjoukje van den Akker op in tredde plak.

Lieuwe van der Pol is listlûker yn Snits, Peter Walinga fan Drylts lûkt de list yn Wymbritseradiel. Meiinoar steane yn Snits/Wymbrits 8 froulju op 'e list.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)