Pomp iisbaan Lekkum ûntploft

© Omrop Fryslân
Foar de Lekkumer iisklub IIsnocht is it oanhâldende teiwaar in gelok. Trochdat de wetterpomp nei 30 jier trouwe tsjinst ûntploft is, hat de klub gjin mooglikheid om de baan ûnder wetter te setten. Jild foar reparaasje of in nije pomp is der net.
Foarsitter Van der Kaa fan IIsnocht wol besykje om it jild mei ynsammelaksjes en subsydzjes op it kleed te krijen.