De Grote Hoop yn Frysk Museum

© Omrop Fryslân
Yn it Frysk Museum yn Ljouwert is sneon de nije eksposysje 'De Grote Hoop' iepene mei wurk fan 22 Nederlânske keunstners. De útstalling is gearstald troch de Sweachster gastkonservator Fred Wagemans. Op de eksposysje binne foto's en skilderijen te sjen fan keunstners as Rineke Dijkstra en Max Natkiel.
Tema fan 'e útstalling is de relaasje tusken kuenst en realiteit.