FVC wint Midwintercup

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter FVC wûn sneon de finale fan 'e Midwintercup (sealfuotbal) troch mei 3-0 fan ZVV Haskerland te winnen. Patrick Veltman wie de grutte man by FVC, hy skoarde alle goals yn 'e finale. It wie foar it earst dat FVC de cup wûn.
By de froulju wûnen Heerenveense Boys. Sy fersloegen yn 'e finale Heerenveen mei 5-1. Oan de Midwintercup yn it FEC diene 216 ferienings mei.