Aksje ûr Hûs fan Bewar Grins

19 jan 2002 - 00:00

De aksje yn Ljouwert foar it iepenhâlden fan it Hûs fan Bewar hat in tsjinaksje oproppen yn Grins. De ûndernimmingsried fan it hûs fan bewar dêre is benaud dat de oankundige nijbou yn Grins mooglik net trochgean sil as gefolch fan 'e Ljouwerter aksjes. De meiwurkers yn Grins stelle no foar om de útwreidingsplannen foar Veenhuizen te skrassen, Ljouwert soe dan bliuwe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)