Piter Wilkens yn it Noardfrysk

© Omrop Fryslân
Piter Wilkens is op it stuit drok oan it oefenjen op syn Noardfrysk. Wilkens sil op 2 febrewaris in optreden fersoargje yn kafé Fraschlönj yn Risum-Lindholm. By dy gelegenheid sil er ek in pear nûmers yn it Noardfrysk sjonge.
Wilkens sil ek in duet sjonge mei de Noardfryske sjongeres Marie Hahn. As it allegearre goed útpakt wol Wilkens ek Noardfryske ferskes op 'e nije CD sette.