Ryk set Iselmarkust op slot

19 jan 2002 - 00:00

Gjin nije horekasaken en kampings en sa min mooglik nije aktiviteiten. Dat stiet yn 'e yntegrale fyzje Iselmargebiet fan it kabinet. Nije stikken Isel- mar ynpolderje is útsletten.

De mar is nedich om it wetter ek yn 'e takomst kwyt te kinnen, stelt it kabinet. De provinsje Fryslân hat muoite mei de kabinetsfyzje. De kust folslein op slot sette, giet de provinsje te fier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)