Takomst 'De Kijkkarst' ûnwis

18 jan 2002 - 00:00

De takomst fan it ienmansteaterke 'De Kijkkarst' is ûnwis. It teater fan de Stellingwarver Karst Berkenbosch moat ticht omdat it net foldocht oan de nijste brânfeiligensfoarskriften.

Oanpassing fan it gebou kostet tsientûzenen euro's en dat jild is der net. Neffens Berkenbosch is syn teater yn Aldeberkeap wol feilich. De kwestje sil meikoarten bepraat wurde yn de gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)