Brânstifting: 2,5 jier sel easke

17 jan 2002 - 00:00

Tsjin in 20-jierrige man út Drachten is tongersdeitemiddei foar de rjochtbank yn Ljouwert 2,5 jier sel easke. Dêrfan is in heal jier op betingst. Dit yn ferbân mei de brânstifting yn de ynternasjonale skeakelklasse yn Drachten, septimber ferline jier. De offisier fan Justysje komt mei dizze swiere eask omdat er tinkt dat der rassistyske motiven yn it spul wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)