Kater nei fergees protest

De kater is grut yn it ûnderwiis nei de grutte protestaksje tiisdei yn Amsterdam. Tsientûzenen minsken protestearden tsjin de plannen fan ûnderwiisminister Marja van Bijsterveldt foar passend ûnderwiis. In mearderheid fan de Twadde Keamer stipe de minister.
By skoalle It Twalûk yn Ljouwert, in skoalle fan bern dy't minder goed leare kinne, komt dat hurd oan. Fan de trije miljoen euro dy't se no noch krije, moatte se tusken de 600.000 en 700.000 euro misse. It personiel praat oer mooglike ferfolchaksjes.