Ek hoareka yn biblioteek

16 jan 2002 - 00:00

De biblioteek yn Ljouwert krijt in terras en in kafee. De hoareka is ûnderdiel fan de modernisearring dy't de byb ûndergiet. Besikers bliuwe langer yn it gebou om te lêzen, te studearjen of te ynternetten.

It kafee op de earste ferdjipping moat ek plak biede oan kulturele aktiviteiten. De ferbouwing moat ein dit jier klear wêze. Ek sneins moat de byb iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)