Animo foar nije oplieding
Foar de oplieding media- en entertainmentmanagement is in soad belangstelling. De nije oplieding oan de CHN yn Ljouwert hat twa kear safolle oanmeldingen krigen as dat der plakken binne.
Studinten dy't de rjochting kieze, kinne manager wurde by media, eveneminteburo's en útjouwerijen. De Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân bepaalt nije wike it tal ta te litten studinten.