Foarljochting oer de Waadsee

© Omrop Fryslân
Op Flylân is tiisdei út ein set mei de fiifde ronde fan in searje foarljochtingsbyienkomsten oer de Waadsee. Op de gearkomste jout it ministearje fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij ynformaasje oer de útkomsten fan de lêste Waadseekonferinsje.
Dy is op 31 oktober 2001 hâlden yn it Deenske Esbjerg. De ferwachting is dat de eilânbewenners posityf wêze sille.