Aksje foar bertesoarch Dokkum
Aksjegroep Red de Sionsberg giet woansdei nei Den Haach om te praten oer de takomst fan de soarch yn it noardeasten fan Fryslân. De Twadde Keamer praat dêr oer de berte-soarch. Neffens de aksjefierders is it fan belang dat der yn de regio in berte-sintrum komt.