Produsint fersmoarge tafelwetter

© Omrop Fryslân
It bedriuw CDC yn Didam wie sels ferantwurdlik foar it fersmoargjen fan tûzenen flessen tafelwetter. By it botteljen kaam in siikmeitsjende baktearje yn it wetter. It bedriuw levere ein ferline jier 45.000 flessen wetter foar krystpakketten. CDC sil it wetter yn it ferfolch pasteurisearje.
It wetter siet ûnder oaren yn it krystpakket fan de Fryske plysje.