Oplossing smoarch iis Thialf

© Omrop Fryslân
De swierrichheden mei it smoarge iis op Thialf soene oplost wurde kinne mei in oare rinrûte foar coaches, riders en parse. Neffens direkteur Migo is de smoargens fan it parkearterrein nei binnen rûn troch de riders en coaches sels.
Seis riders foelen it ôfrûne wykein fanwege de minne kwaliteit fan it iis. De Thialfdireksje hat dizze wike oerlis.