Brutale ferkrêfting yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In 74-jierrige frou út Ljouwert is sneontenacht yn har flat oan 'e Eikenstrjitte ferkrêfte troch in ynbrekker. De man wie deryn kommen troch in rút yn te slaan. Nei syn die naaide er út mei it bankpaske fan it slachtoffer.
De plysje hat de buert ôfsocht, mar neat fûn. Tsien resjerzjeurs ûndersykje de saak. De dieder is in blanke man fan in jier of 30.