SP iepenet kampanje

© Omrop Fryslân
De Socialistische Partij fan Ljouwert is snein út ein set mei har kampanje foar de gemeenteriedsferkiezings. It 'startskot' waard jûn by de finish fan de Alvestêdetocht oan de Bonkefeart.
It plak oan de Bonkefeart wie keazen om't de Bullepolder dertsjinoer meikoarten beboud wurdt. Neffens de SP is dat in beslút fan de gemeente dat nea nommen wurde mocht hie.