Wer drok by oanrinhûs
It Ljouwerter oanrinhûs hat al wer in soad tarin. De besite is sa grut dat de ynstelling tsientallen frijwilligers brûke kin.
It oanrinhûs fan de Ljouwerter tsjerken yn de Begijnestrjitte is yn septimber weriepene. Tenei meie allinnich minsken mei in paske der yn en dat docht fertuten, want de oerlêst is daald. It hûs is alle sneinen iepen.