Jild foar boarterstún Grou

© Omrop Fryslân
De boarterstúnferiening yn Grou kin meikoarten 4500 euro temjitte sjen. Dat jild is spesjaal bestimd foar in tastel foar handikapte bern.
Bestjoerslid Zandman fan de boarterstún hat by syn wurkjouwer Siemens in oanfraach yntsjinne foar sa'n tastel. Siemens hat dy oanfraach honorearre. De kommende tiid wurdt sjoen wat der oanskaft wurdt en wêr't it presys komt.