Presintaasje nij 'swift skinpak'

© Omrop Fryslân
Op de moarns foar de start fan 'e World Cup waard op Thialf it nije reedriderspak fan 'e Nederlânske ploech presintearre. It giet om it saneamde swift skinpak fan Nike, dat spesjaal foar Salt Lake City ûntwikkele is. De mieningen oer it pak binne ferdield. Tonny de Jong is posityf, Rintsje Ritsma is kritysk.
De tiid om it nije pak oan te passen oan yndividuele winsken is krap.