Blau ljocht yn sintrum Ljouwert

11 jan 2002 - 00:00

Hast alle pipen yn de binnestêd fan Ljouwert sille meikoarten oanljochte wurde mei blau ljocht. Enerzjybedriuw Essent set takom moanne út ein mei it montearjen fan de lampen.

Ek iepenbiere gebouwen sille ferljochte wurde. Dêrfoar wurdt 'normaal' ljocht brûkt. Om de Beurs hinne wurde grûnspots pleatst. De âlde plataan by de Beurs sil ek op dy wize ferljochte wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)