Fryske bands op Eurosonic
Yn Grins wurdt freed it Eurosonic- festival hâlden. Tachtich bands fan it kaliber 'nij Europeesk talint' spylje op ferskate lokaasjes. Foar Fryslân binne dat Twarres, DJ Keu en The Shot Mugs.
In dei letter is dan yn 'e Oosterpoort it Noorderslagfestival, mei it bêste fan 'e Nederlânske popmuzyk. Luie Hond út Ljouwert is der foar Fryslân.