Achlum kriget nij doarpshûs

11 jan 2002 - 00:00

Achlum kriget 200.000 euro fan de gemeente Frjentsjerteradiel foar in nij doarpshûs. Eins soe it beslút earst takom jier falle, mar dat duorre FNP en CDA te lang. In moasje fan de partijen is no oannommen.

De wethâlders hiene problemen mei de finansjele dekking. Mar se sille it beslút wol útfiere. It doarpshûs kostet mei-inoar fiif ton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)