Drachtster Tetsje goede gastfrou
Tetsje van Houten (19) út Drachten is de bêste jonge gastfrou fan it lân. Op de Horecava yn 'e RAI yn Amsterdam waard se fan acht finalisten earste yn 'e wedstriid Jonge Gasthear/frou.
Mei de priis giet Tetsje troch foar it EK, yn Switserlân. Boppedat smiet it ek noch 950 euro op. Yn it deistich libben wurket it Drachtster talint by restaurant 't Plein op 'e Jouwer.