Nije busûndernimming op Flylân

© Omrop Fryslân
De nije partikuliere busûndernimming TCR presintearre him tongersdei op Flylân. TCR wol op in kreative manier mei it busferfier omgean. Sa kinne minsken troch hanopstekken oanjaan dat se mei wolle, ek al steane se net by in halte. Ek hat TCR in ynteraktive ynformaasjepeal pleatst.
Taxi Vlieland tinkt nei oer juridyske stappen no't TCR suver taksytaken docht.