Fallen plaat lei oan konstruksje

© Omrop Fryslân
Bonnema arsjitekten stelt de oannimmer oanspraaklik foar de konstruksjeflater fan de Achmeatoer yn Ljouwert. Ein desimber foel in gevelplaat nei ûnderen. Dat lei net oan it ûntwerp mar oan de wize fan befestiging.
De skea wurdt ferhelle op de haadûndernimmer, Bouwbedrijf Friesland. De stikkene parten fan de grutte toer wurde moandei makke.