Sami TV-nijs yn eigen taal

10 jan 2002 - 00:00

De Sami (Lappen) yn it noarden fan Skandinavië binne dizze wike begûn mei TVnijs yn eigen taal. It giet om in gearwurkingsprojekt fan Sami út Noarwegen, Sweden en Finlân. De programma's wurde útstjoerd fanút Karasjok yn Noarwegen.

It Sami TV-nijs wurdt troch 25 minsken makke. Yn Noarwegen en Sweden wurdt it programma ûndertitele yn it Noarsk en Sweedsk, yn Finlân noch net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)