GGD komt mei krisisteam

10 jan 2002 - 00:00

GGD Fryslân komt dit jier mei in spesjaal team foar krisissitewaasjes. Dat fertelde de direkteur yn de nijiierstaspraak. Oanlieding binne de tongblierkrisis en meningokokepidemy.

De meiwurkers hienen it dêr tige drok mei. Se koenen de fragen fan minsken dy't besoarge wienen hast net oan. It team krijt in kursus en leart om te gean mei hektyske sitewaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)