Legionellabestriding ferrint min

09 jan 2002 - 00:00

De legionellabestriding ferrint net goed yn Fryslân. Sûnt 1 jannewaris binne bedriuwen ferplichte om har wetterynstallaasje kontrolearje te litten. De helte fan de Fryske bedriuwen hat dat oant no ta noch net dwaan litten.

Fan de 6000 bedriuwen dy't al kontrolearre binne foldocht 80 persint net oan de easken. Nuon Wetter sil ynkoarten kontakt opnimme mei de oare bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)