Fryslân wol oandielen ferkeapje

09 jan 2002 - 00:00

De provinsje Fryslân wol syn oandielen yn enerzjybedriuw Nuon ferkeapje sa gau't der in goeie priis foar komt. Hoewol't de ferkeap pas yn 2004 folslein frijjûn wurdt, hâldt de provinsje earnstich rekken mei ferkeap op in earder momint.

Yn 'e mande mei Gelderlân, dy't ek oandielen fan Nuon hat, riedt Fryslân de oandieleferkeap no al ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)