'Asylsikers liede min bestean'

© Omrop Fryslân
Tûzenen asylsikers hawwe yn Nederlân in ûnminskweardich bestean. Dat seit boargemaster De Jonge fan it Hearrenfean. De Jonge ferwyt benammen de lanlike polityk dat se asylsikers te folle oan har lot oerlitte. Oan de oare kant wurdt de asylsikers te folle ferbean. De Jonge wol dat asylsikers mear dielnimme kinne oan it maatskiplik libben en ek oan de arbeidsmerk.