Wetteroerlêst yn Suderbuorren

08 jan 2002 - 00:00

In soad bewenners fan de Ljouwerter nijbouwyk Suderbuorren hawwe op it stuit lêst fan oertallich wetter yn tunen en kelders. Suderbuorren is boud yn in poldergebiet mei yn 'e grûn in liemlaach.

Dizze laach lit mar min wetter troch. Dêrtroch ûntstiet in laach wetter boppe de grûn. Der is ek gjin drainaazje oanlein. Bewenners wolle no prate mei de gemeente oer in oplossing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)