Mooglik hege boete foar kafee

© Omrop Fryslân
Kafee Après Skihut oan it Ruterskertier yn Ljouwert krijt mooglik in hege boete. Eigner Jan Oosterhof is troch in kollega út Rotterdam foar de rjochtbank dage omdat dy in kafee mei deselde namme hat.
Oosterhof hie de namme al feroare yn Après Ski-kwartier. Mar de Rotterdamse hoarekaman easket no tûzen gûne foar elke dei dat Après yn 'e namme stiet.