Sykaksje fermiste stopset

07 jan 2002 - 00:00

Rêdingswurkers binne ophâlden mei sykjen op de Noardsee nei in meiwurker fan in boareilân. De 35-jierrige Brit foel snein yn it wetter. It boareilân leit 50 km noardwestlik fan Flylân.

Fuort dêrnei waard in rêdingsaksje op tou set mei fjouwer skippen, twa helikopters en in fleantúch fan de plysje. Der is net folle hope mear dat de fermiste noch libbet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)